Omnium fan 2 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden

It is freed 'allerzielen.' Yn útfeartsintrum Schoterhof yn Nyegea - Hearrenfean is jûn in manifestaasje dy't yn it teken stiet fan dizze tradysje. Yn de studio in petear mei Andrys de Blaauw fan útfeartferiening Yarden.

Is der wol foldwaande omtinken foar klassike muzyk op de radio. Dat is de stelling fan de Reade Tried. Hjoed wurdt der in nije website lanseard werop't je muzykstikken downloade kinne fan Fryske komponisten. We prate deroer mei saakkundige en dirigint Hans Algra.

En we ha kontakt mei New York. Piet Boelens fan Kollumersweach sil snein de maraton fan New York rinne. Mar hoe is dat yn in stêd dy't swier troffen is troch in orkaan.

Fansels gean we lykas alle wiken de freedsmerk yn Ljouwert op om de miening te peilen oer in aktueel tema.

Resepten mei pompoen

It is echt hjerstwaar bûten. Tiid om de keuken yn te dûken en lekker iten te meitsjen. En wat heart der mear by de hjerst as de pompoen. We fregen eigener en kok Henk Markus fan restaurant Het Ambacht op It Hearrenfean om wat pompoeneresepten mei ús te dielen.
-
-
-
-
-
-
It resept sa't wy dat fan kok Henk Markus krigen hawwe (Yn it Nederlânsk)
Pompoenkastanje soep met appel en crème fraîche (ook vegetarisch)

Recept 4 personen:
200 gram pompoen in blokjes
100 gram tamme kastanjes gepeld
30 cc olijfolie
50 cc witte droge wijn
10 gram dragon
1 stuks ui in blokjes
1 stuks rode peper in reepjes gesneden
30 gram verse gemberwortel in fijne reepjes gesneden
500 cc kippenbouillon of groentebouillon
1 stuks Granny Smithappel in blokjes gesneden
100 cc crème fraîche
Zout en peper

Bereiding:
Giet een scheutje olijfolie in een hoge soeppan en fruit hier de ui, gemberwortel en rode peper glazig in. Voeg de
pompoenblokjes toe en fruit deze nog 2 minuten goed roerend aan.
Voeg de kastanjes toe en blus het af met een klein glas droge witte wijn.
Giet de bouillon erbij en laat het een half uurtje sudderen. Pureer de soep vervolgens met een staafmixer en giet het daarna door een bolzeef. Zet de soep opnieuw op en breng het op smaak met zout.
Voeg vlak voor het doorgeven de appel en dragon toe. Giet de soep in de voorverwarmde borden en leg daar nog een lepel crème fraîche in.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)