Omnium fan 2 maaie

  • Spiler wurdt laden

Ryk wurde kin elkenien! Dat skriuwt ekonome en finansjeel sjoernalist Erica Verdegaal yn har nije boek, 'Waar doen ze het van? Hoe je rijk wordt. En blijft'. Hoe't je dat finansjele sukses krekt berikke moatte? Se fertelt it yn Omnium.

Fierder in reportaazje oer de Westlike Ynfalswei. Om Ljouwert hinne wurdt drok boud oan in nije en bettere ynfrastruktuer. Duorsumens is dêrby ek fan belang. Projektlieder Peter de Jong jout útlis.

Yn de Rige wer in ferhaal oer evakuees yn oarlochstiid yn Fryslân. Hjoed: Coen Smiezing. Hy waard evakuearre nei De Jouwer en wenne dêr by de famylje Van der Zee.

Dat en mear, hjoed yn Omnium. Mei René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)