Omnium fan 19 septimber 2012

Foar de 'fans' fan Omrop Fryslân wurdt it sneon in moaie dei. Dan wurdt yn de studio it earste freonefestival hâlden. Twa fan de grutste freonen lizze út wêr't har leafde foar de Omrop weikomt.

 

Brenda Ottjes fan Tûmba fynt dat moslims net sa heftich reageare moatte op de anty-islamfilm Onschuld der Moslims.

 

Yn de rige wer in portret fan in ferneamde professor út Frjentsjer.

 

Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)