Omnium fan 19 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden

Yn Europa liket op it stuit in beweging op gong te kommen dêr't minderheden hieltiid mear opkomme foar har eigen belangen. It bewust wêzen fan in eigen identiteit liket dêr hieltiid sterker te wurden.
Mar hoe is dat mei it Frysk nasjonalisme? In soad saken lykas eigen taal en kultuur binne goed regele en dan is der minder ferlet fan selstannigens. Derom hjoed ús stelling: "Frysk nasjonalisme bestiet net ".

Miskien is jo ek al opfallen by it kompjûterjen; de 'pop ups' dy't op jo skerm komme mei de fraach oft jo de 'cookies' aksepteare wolle of net. Wat moat jo dwaan en wat binne 'cookies' eins. Dêroer Jeroen voor't Hekke, hy is sosjaal media ekspert en dosint oan Stenden Hegeskoalle.

En de lêste ôflevering oer de beareútstalling yn museum Willem van Haren.

Presintaasje: Dieuwke Kroese.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)