Omnium fan 19 april

Us kollega Eduard Rekker is te gast. Hy makke in dokumintêre yn Turkije foar it programma Buro de Vries. Yn Omnium fertelt er alfêst wat oer syn aventoeren.

En: in slim ferwûne damhart rint om yn de buert fan Ketlik. It bistje is mei in pylk dwars troch de holle sketten. Yntusken is der in felle diskusje oan 'e gong yn de natoerwrâld: moat it hart ôfsketten wurde, of kin er miskien noch rêden wurde? Yn Omnium prate wy mei Hans Gallé, foarsitter fan de Partij voor de Dieren yn Fryslân. Hy pleitet foar it lêste.

Fierder binne wy fansels te gast op de freedsmerk om te praten oer it nijs fan de dei.

Dat en mear yn Omnium, mei Wim Brons. Harkje dus! Tusken 11 en 12.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)