Omnium fan 18 septimber 2012

Prinsjesdag; de troanrede én it oanbieden fan it kofferke mei deryn de ryksbegrutting oan de Twadde Keamer. Wat der krekt yn stiet witte we noch net, mar der sil besunige wurde moatte. Hoe hâlde jo thús de begrutting slutend. In petear hjiroer mei finansjeel adviseur Erica Verdegaal.

'Geworteld in Noordwolde', in boek oer de skiednis fan Noardwâlde. Skreun troch Klaasje Looijenga-Klein. Redakteur en gearstaller is har soan Lourens Looijenga.

en wer in ôflevering fan ús rige oer "Professoaren út Frjentsjer"

Presintaasje: Sippy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)