Omnium fan 18 maart

Hjoed is notaris Femmy Smink te gast. Sy jout antwurd op al jo fragen oer it libbenstestamint. Dat is in testamint weryn't jo je winsken fêstlizze kinne, foar it gefal je te meitsjen krije mei Alzheimer of demintens. Moat elkenien sa'n testamint ha? En wannear? Mail jo fragen, nei omnium@omropfryslan.nl.

De Reade Tried giet oer lêzen, want it is wer boekewike! Yn Omnium fiif boeketips fan Hinke Wiersma fan de bibleteek yn Ljouwert.

En dizze wike wer in nije Rige ultrakoarte ferhaaltsjes fan Nyk de Vries.

Harkje nei Omnium! Tusken 11 en 12 op Omrop Fryslân, presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)