Omnium fan 18 april

LAC Frisia bestiet dit jier 130 jier en is dêrmei de âldste fuotbalklup fan Noard-Nederlân. Dit is fansels reden foar in feestje! Sieds Rienks, foarsitter fan de klup fertelt yn de studio wat der allegear te rêden is mei it jubileum.

68 miljoen euro wurdt der moanliks fuortsmiten oan net brûkte belminuten. Dy minuten kinne je nammentlik net meinimme nei de nije moanne. Skande, fynt de Consumentenbond en dêrom moat der no strangere wetjouwing komme. Yn de Reade Tried prate wy mei Roy van Aalzum fan Telecombinatie yn Snits.

Yn de Rige hawwe it hjoed oer ien fan de populêrste maitiidsgrienten. Hokker griente dat is? Jo hearre it yn Omnium. Ien hint, it is ek lekker op bôle.

Harkje dus, nei Omnium! Tusken 11 en 12, mei René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)