Omnium fan 17 septimber 2013

Yn Omnium is hjoed Catrien Bouman fan it Hearrenfean te gast. Se is konsulint onkology yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Koartlyn ferskynde har twadde boek: "Het paleis van de stervenden". It binne 6 koarte, persoanlike ferhalen oer kanker en de gefolgen dêrfan op it libben fan pasjinten en de minsken dêr om hinne. De titel Het paleis van de stervenden komt út ien fan de ferhalen en wurdt brûkt troch in pasjint dy't nei in hospice giet, om dêr te stjerren.

Yn Omnium in petear mei Catrien Bouman oer har wurk en it skiuwen, mar ek oer it Nijs fan de Dei. Dêr njonken komt Niek de Vries wer del mei in absurdistysk minuutsje.

Presintaasje: René Koster

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)