Omnium fan 17 maaie

Moandei is it foar in soad minsken gewoan lekker in frije dei, mar wat betsjut Pinkster ek wer? Hinne Wagenaar ljochtet de kristlike tradysje ta by ús yn de studio.

Pinkstermoandei is der fansels ek wer fan alles te rêden yn ús provinsje, en dêr docht Omrop Fryslân wiidweidich ferslach fan. Yn Omnium hearre jo der mear oer.

Fierder: hoe 'skjin' binne jo klean? Se rûke fêst fris, mar ûnder hokker omstannichheden binne se makke? Yn de Reade Tried dogge wy hjoed in berop op jo gewisse as konsumint.

Dat, en noch folle mear, freed yn Omnium. Mei René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)