Omnium fan 17 july 2012

Henk Krol, listlûker fan de nije partij "50plus" is te gast. In partij op wei nei har earste ferkiezings.

Ek dizze simmer giet Omrop Fryslân op syk nei "De bêste...". Dizze wike binne we op syk nei it moaiste natoergebiet fan Fryslân. Juster binne de trije nominearden bekend makke: It Drents-Friese Wold, Gaasterlân en it Waad. Omnium sjocht sels wat der sa moai is oan dizze gebieten. Hjoed in reportaazje út it Drents-Friese Wold.

Yn ús rige simmertunen bedarje we yn Aldeholtpea. Dêr leit, om in moai ferboud pleatske hinne, de sfearfolle tún 'De Holthof'. Eigeneresse Hiltje Dekker jout graach in rûnlieding.

Al fytsend troch Nederlân kinne 'Vrienden van de Fiets" oeral in goedkeap sliepplak fine. Ek yn Fryslân.

En enoarm nuttge tips foar as je (mei de auto) nei it bûtenlân op fakânsje sille.

Presintaasje: Sippy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)