Omnium fan 16 maaie

Hjoed yn Omnium:

Kofje helje en oare rotputsjes opknappe. Dat is it wat guon stazjêrs moannenlang as taak hawwe. Boppedat wurdt ien op de fiif stazjêrs ek nochris narre of útskolden, sa docht bliken út ûndersyk fan de 'nationale stagemonitor'. Moatte je dit as stazjêr oer ha foar in bytsje wurkûnderfining? Reagear op ús stelling fan hjoed: staazjerinne hat gjin doel.

Yn de Rige 'tagong ferbean' binne wy hjoed op see.

En: slakken, miggen en oar ûngedierte, yn dizze tiid fan it jier soargje se wer foar in soad oerlêst. Tjitske Postma fan Noardburgum komt mei allerhande tips om fan de bistjes ôf te kommen.

Omnium is der wer om 11 oere, mei René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)