Omnium fan 16 april

Fryske basisskoallebern krije faak in leger advys foar it ferfolchûnderwiis as dat se oankinne. Wylst it lanlik krekt oarsom is. Hoe kin dit? We prate mei ûnderwiiskundige Hester de Boer fan Harns.

En, geane wy werom yn de tiid yn de fersekeringswrâld? Undernimmers ferienje harren hieltyd faker yn lytse korporaasjes, saneamde 'broodfondsen'. Elkenien stoart moanliks in bedrach, en by sykte kinne de leden dan in útkearing krije. Juster wie der in ynformaasjejûn yn Koudum. Wy hearre by inisjatyfnimster Thea Zeldenrust oft der in soad belangstelling wie.

Yn de Rige wer sa'n hearlike maitiidsgriente.

Harkje dus nei Omnium! Tusken 11 en 12, mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)