Omnium fan 15 maart

  • Spiler wurdt laden

Sven Kramer, Ireen Wüst, mar ek Doutzen Kroes ha ea riden yn de Vikingrace. Dit jier wurdt dizze ynternasjonale race foar bern fan 11 oant 16 foar de 25e kear hâlden. We belje mei Geartsje Meinema. Se is by de Vikingrace yn Thialf.

In baan net krije fanwege kleur, geslacht of leeftiid. Hoe faak bart dit en is anonym sollisitearje de oplossing? Brenda Ottjes fan Tûmba is yn de studio.

In bakker yn Starum lit yn 1700 in hiel skip ferdwine. Hoe rint it mei him ôf? Jo hearre it fan Siem van der Woude fan Tresoar.

Fierders fansels de freedsmerk. Harkje nei Omnium, presintaasje: Wim Brons.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)