Omnium fan 14 maart

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Omnium: ús fertroude Nederlân 1, 2 en 3 besteane aansens miskien net mear. No ja, se besteane noch wol, mar dan mei in oare namme: NPO 1, 2 en 3. Wat fine jo, is dit ûnsin? Of in goed idee? We prate deroer yn de Reade Tried.

Yn de Rige wer in swarte side út de Fryske skiednis.

En: de paadfinerij moat wer op de kaart set wurde. Dêrom organisearret skoutingklup 'Schout bij Nacht Doorman' út Ljouwert in 'ouder/kind-weekend'. Mei dit inisjatyf wol de klup in kâns meitsje op de 'Kroonappel' fan it Oranjefonds, in priis foar it bêste sosjale inisjatyf yn Nederlân. Te gast is Willem van der Zee, jeugdlieder by de klup.

Dat, en mear yn Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)