Omnium fan 14 maaie

  • Spiler wurdt laden

De eineksamens binne dizze wike wer begûn. Skoalbern wrotte twa wiken lang om har diploma te heljen. Mar hoe kamen jo troch de eksamens hinne? Wie it in makje, of hiene jo der dochs wat mear muoite mei? Lit it ús hearre yn de Reade Tried.

Tiisdei is it safier: De start fan it Eurovisie Songfestival yn Malmö, Sweden. Sille wy it dit jier better dwaan as foarige jierren en einlings wer in kear yn de finale komme? Wy sjogge foarút mei Jan Bierma. Hy wennet yn Malmö.

En yn de rige sjogge wy hjoed achter de skermen yn Thialf! We binne op in plak dêr't eins allinnich de keninklike famylje in boadskip achterlitte mei.

Harkje dus, nei Omnium! Mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)