Omnium fan 14 juny

  • Spiler wurdt laden

Hjoed is der in bysûndere útstjoering, want de nije kening en keninginne binne yn Fryslân. It is in wiere 'flitsbesite' en dêrom 'flitse' wy yn Omnium mei ús ferslachjouwers op lokaasje.

En: wat witte jo eins fan de Fryske skiednis? Fan septimber ôf kinne jo it teste yn it nije spulprogramma 'No Doe' op Omrop Fryslân. Fokke Jagersma fan de Afûk en Arjen de Boer fan de Omrop fertelle wat der krekt te sjen is yn it programma.

Yn de Rige fertelt Henk Spijkerman foar de lêste kear oer syn syktocht nei aventoer, freonskip en gelok op syn reis nei Santiago de Compostela.

En we binne wer op de freedsmerk! Harkje dus, nei Omnium. Mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)