Omnium fan 14 febrewaris

  • Spiler wurdt laden

It is wer Falentynsdei, de dei fan de leafde! Wat is dat dochs hearlik...! Tinke jo ek noch wol ris werom oan dy iene leafde, dy jonge of dat famke dêr't je sa gek op wiene, en dy't je mar net út 'e holle sette kinne? Binne jo ek sa benijd hoe't it dochs mei him of har is? Hjoed wolle wy graach it ferhaal fan jo jeugdleafde hearre, en wa wit kinne wy jim wer byinoar bringe. Yn Omnium prate wy mei Miranda Werkman. Sy makke yn 2006 in programmarige foar de Omrop oer 'De Leafde'.

Yn de Rige ferrast Niek de Vries ús wer mei ien fan syn ultrakoarte ferhalen.

En: it Woudagemaal fan De Lemmer hat in rike histoarje. Genôch stof foar in boek. Dat boek wurdt fan 'e middei offisjeel presintearre. Hans Hiemstra fan it Wetterskip Fryslân skoot oan yn 'e studio om hjiroer te fertellen, en oer it belang fan it gemaal foar Fryslân. Wat betsjut dat eins, dat je 'Werelderfgoed' binne?

Dat, en mear yn Omnium. Harkje dus! Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)