Omnium fan 13 maart

Hjoed yn Omnium: in reportaazje oer 'De Emigrant', in toanielstik mei Freark Smink en Theo Smedes. Sybolt de Haas (Smink) emigrearre goed fyftich jier lyn nei Kanada. No komt er foar it earst werom nei it heitelân.

Fierder: de 'sorry-kultuer' by bestjoerders. Binne ekskuzen, lykas dy fan boargemaster Bats fan Haren genôch? Of is ôftrede better?

En fansels wer in ôflevering yn de rige 'Fryske topstikken', hjoed: Ids Willemsma.

Dat, en mear yn Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)