Omnium fan 13 maaie 2013

  • Spiler wurdt laden

Sybrandy's fûgeltsjepark, in waadeilân of dochs mar nei Drinte? De tiid fan de skoallereiskes is wer oanbrutsen. Hetty van Rijn skreau in handich boekje, foar as je sa'n skoalkamp organisearje. Mar is soks noch wol fan dizze tiid, freegje wy ús hjoed ôf yn de Reade Tried.
Yn de rige komme we op plakken dêr't de tagong foar de measte minsken ferbean is. En we begjinne mei de ferkearstoer fan de fleanbasis.
En je wolle der leaver net oan tinke, mar as je âlden komme te ferstjerren, dan krije je meastal in erfenis. Mar dêr moat ek belesting oer betelle wurde, en dat kin noch wolris ferfelend útpakke. Notaris Femmy Smink fan Snits jout advys. Hawwe jo fragen oer dit ûnderwerp, stjoer dan in mailtsje nei omnium@omropfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)