Omnium fan 13 febrewaris

Elkenien docht it wol ris, shoppe op ynternet. De ferlieding is grut... 'pop-ups' en foto's moatte jo oerhelje om dat iene jurkje of dy moaie stereo-ynstallaasje te keapjen. Immen dy't alles wit oer ús ûnderbewustwêzen en de 'ferlieding fan it brein' is Linda Oosterveld. Har bedriuw advisearret online winkels oer hoe't se harren produkten it bêste oan 'e man bringe kinne.

Yn de Reade Tried prate wy oer de soarch. Faak ûntstiet der in soad opskuor as 'Den Haach' wer mei in nije maatregel komt, bygelyks oer it basispakket. Dêrom wol Minister Edith Schippers fan folkssûnens no mear ynspraak fan pasjinten, dokters en fersekeraars. It basispakket moat fersobere wurde. Wat kin der neffens jo wol út?

Fierder fertelt Niek de Vries wer in 'ultrakoart' ferhaaltsje yn de Rige. Wêr soe er it dizze kear oer ha...?

Harkje nei Omnium! Tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)