Omnium fan 12 oktober 2012

It ôfrûne jier ha ûndernimmers yn Nederlân foar rom 400 miljoen oan neprekkens betelle. In petear mei Frits Mostert fan it Steunpunt Acquisitiefraude.

De plysje hat oankundige dat se mear kontroleare sil op beljen achter it stjoer. No giet it al lang net mear allinne oer beljen, mei ús smartphones kinne maile, foto's meitsje, twitterje, game, gean sa mar troch. Sûnder ús smartphone gean we de doar net mear út. Binne we ferslave? In petear mei Marcel Seuninga fan Verslavingszorg Noord Nederland.

Foar it lêst sjogge we by 'couturier' Hans Noordstrand

en de mienings op de freedsmerk yn Ljouwert.

Presintaasje: Dieuwke Kroese.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)