Omnium fan 12 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Ek dit wykein bin der wer hiel wat beslissings fan skiedsrjochters dy't bekritiseard wurde. Wol of gjin oertreding, al of net bûtenspul, allegear beslissings dy't binnen en pear sekonden naam wurde moatte, oft it no goed te sjen wie of net. Geregeld bin it ek nochris sitewaasjes dy't beslissend binne foar de útslach fan in wedstryd. En dat kin we der och sa oer eamelje mei ús allen... Yn de Reade Tried prate we hjoed oer de stelling De skiedsrjochter is de baas, en yn Omnium komt âld-skieds- en -grinsrjochter Jan Dolstra hjiroer oan it wurd.

Fierder omtinken foar Media Art en de nije rige tillevyzjeprogramma's fan Ikarus by de Omrop.

Dat en mear tusken 11 en 12 oere yn Omnium.
Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)