Omnium fan 12 maart

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Omnium. We hawwe it oer it lobbyen. Wat bart der no krekt achter de skermen yn Den Haach? Miskien hearre jo it moarn wol.

Ek sjogge we yn in âlde suvelfabryk yn Aldegea (Sm). Hokker nije bestimming moat dit âlde fertutearze gebou krije?

En we hearre Siem van der Woude fan Tresoar, hy fertelt ús in ferhaal oer Jabik Oanes. Hat hy in moard begien of net?

Harkje dus nei Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)