Omnium fan 12 april

Al wiken sitte se om tafel: it kabinet, fakbûnen en wurkjouwers. Keihurd is der wurke oan in nij akkoart dêr't elkenien tefreden mei wêze kin. En dat liket der no te wêzen. Mar hoe wichtich is dit akkoart? Praat mei oer ús stelling: 'it sosjaal akkoart is it kearpunt yn de krisis'. Yn Omnium jout Dennis Wiersma fan FNV-jong syn reaksje.

It is wer freed, en dus peile wy de mienings oer it lêste nijs op 'e Ljouwerter freedsmerk.

We ha der lang op wachtsje moatten, mar sneon is it safier. It Ryksmuseum iepenet dan de doarren nei in ferbouwing fan 10 jier. Wy binne fansels hiel nijsgjirrich nei hoe't it wurden is. Jo ek? Tristan Mostert is konservator by it museum en nimt ús mei troch de útstalling.

En yn de Rige oer âlde merken giet it hjoed oer de lekkerste iislolly dy't ea makke is.

Dat, en mear yn Omnium. René Koster presintearret, harkje dus! Tusken 11 en 12.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)