Omnium fan 11 juny

  • Spiler wurdt laden

It molkkwotum wurdt yn 2015 ôfskaft. Dat betsjut dat boeren sa folle molke produsearje meie as se wolle. Hokker gefolgen hat dit? Yn in rige petearen en reportaazjes sjogge wy yn Omnium nei de foar- en neidielen fan it systeem fan kwotering. Hjoed: wêrom wurdt it kwotum eins loslitten?

Yn de rige fertelt Henk Spijkerman fan Akkrum oer syn Camino, syn kuierreis nei Santiago de Compostella.

En de ekonomyske groeiferwachtings falle tsjin, en dus moat it kabinet takom jier foars besunigje. Mar is dat no eins wol sa'n goed idee? Ynvestearje om de ekonomy oan de gong te helpen, is dat net folle better? We prate deroer yn de Reade Tried mei Danny Buma fan de Thorbecke Academie.

Omnium is der wer om 11 oere, mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)