Omnium fan 10 oktober 2012

Dit jier is it 150 jier lyn dat de ferneamde ANWB foarsitter Edo Bergsma berne waard yn Makkingea. Edo Bergsma wie boargemaster fan It Bilt en fan Enschede, mar dus ek ANWB foarsitter. Wa wie Bergsma? Húshistoarikus fan it ANWB Hans Buiter fertelt.

Mei ûndernimster Geesje Duursma, fan De Pleats yn Burgum, ha we it oer it glêzen plafond. Bestiet it echt of sit it yn de holle fan froulju?

Couturier Hans Noordstrand lit ús dizze wike fiif topstikken út syn kolleksje sjen.

En jo ha fêst wolris heart fan Tsjerkje fan De Kliuw. Tsjerkje wie de markante útbaatster fan it ferneamde kafé op De Kliuw.
Folkert Sijbrandij siket ferhalen oer Tsjerkje en De Kliuw. Reaksjes kinne nei: Folkert Sijbrandij telnr:06-17978001 of 0515-750767. e-mailadres: cowboy.59@live.nl

Presintaasje: Sippy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)