Omnium fan 10 juny

Henk Spijkerman hat as pylger nei Santiago de Compostela west. Wy prate mei him yn in nije Rige oer freonskip, besinning en leauwen.

De Bibel stiet fol mei seks. Dat soene je miskien net sizze, mar dat is ien fan de konklúzjes dy't Rimmer Mulder lûkt. Hy skreau in boek oer de soms wat dûbele relaasje fan de tsjerke mei seks. Yn Omnium is er hjoed te gast.

En we freegje ús ôf: wannear is in outfit 'te bleat' foar de wurkflier? Imagosaakkundige Nelleke Mulder fertelt ús wat wol en net kin op it wurk.

Dat, en mear yn Omnium. Mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)