Omnium fan 10 desimber 2012

  • Spiler wurdt laden

It kabinet wol dat de lytse omroppen yn Nederlân de eigen broek ophâlde. It soe net de taak wêze fan de oerheid om dizze groepen te fasilitearen. In reaksje op de plannen fan Sipke Draisma, pastor fan de roomsk-katolike tsjerke yn Warkum, Makkum en Wytmarsum. Hy wie ek ferslachjouwer fan de KRO, presintearre Kruispunt en wie ferslachjouwer fan Tijd voor Twee.

De aktive makeler Jaap Kingma fan Burgum timmere oan 'e dyk. En mei sukses. Hy ferkocht net allinnich in soad huzen, mar wie ek in royaal sponsor mei in eigen raceteam en in skybox by SC Hearrenfean... Nei in burn-out pakt er no de tried wer op, mar wol oars as yn it ferline.

En yn de rige tips foar it sykjen om in baan.

Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)