Omnium fan 10 april

Is grutter altyd better, as it om supermerken giet? Yn de Reade Tried ha wy it hjoed oer de foar- en neidielen fan grutte supermerken. Te gast yn Omnium is Klaas van den Berg fan de Keamer fan Keaphandel.

Yn de rige wer in âld merk, dat by in soad harkers oantinkens opropt. Hjoed: King Korn bôle.

En: in auto dy't goedkeap is yn de oanskaf, sunich rydt en wegebelestingfrij is. Hokker auto it is..? Jo hearre it yn Omium!

Harkje dus, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)