Omnium fan 1 novimber

  • Spiler wurdt laden

Yn it regearakkoart wurde foarse besunigings oankundige op de publike Omrop. Ek Omrop Fryslân moat it dwaan mei miljoenen minder. Mei drastyske gefolgen, sa fertelt Marc Visch, siktaris fan it sjoernalistefakbûn NVJ.

Feike van der Leij wurdt freed offisjeel ynstalleard oan Hogeschool Van Hall Larenstein yn Ljouwert as lector Food and Health. It Van Hall is drok dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije itensprodukten wertroch minsken langer sûn bliuwe moatte. Want op dit gebiet falt der noch in protte te ferbetterjen.

Fierder sille we de kommende dagen kontakt ha mei Piet Boelens dy't meidwaan sil oan de marathon fan New York. It evenemint hat dit jier in spesjaal karakter omdat de stêd swier troffen is troch de orkaan Sandy.

Resepten mei pompoen

De pompoen stiet dizze wike yn it hjerstsintsje by ús. Patron cuisinier Henk Markus fan restaurant Het Ambacht op It Hearrenfean hat hjoed in bysûnder resept foar ús: in pompoenesjem, betocht troch Eline, de freondinne fan de maitre sommelier fan it restaurant.
-
-
-
-
-
It resept sa't wy dat fan kok Henk Markus krigen hawwe ( yn it Nederlânsk)
Eline’s pittige pompoen jam

Ingrediënten:
1 kg pompoen, geschild en in grove stukken
1 kg gelei suiker
+/- 100 gr fijn gesnipperde sjalot
1 eetlepel kerrie poeder
Peper
Zout

Fruit de sjalot in een soep pan met weinig boter ligt glazig. Voeg hier de kerrie aan toe, met iets peper en zout. Laat de kerrie even zweten zodat alle smaken goed vrij komen
Doe hierbij de pompoen en gelei suiker, laat het suiker smelten en ondertussen de pompoen garen. Goed omroeren anders brandt de suiker snel aan de bodem. Controleer af en toe of de pompoen gaar is (net iets verder dan beet gaar)
Haal het dan van het vuur en pureer de massa met een staaf mixer tot de gewenste dikte.
Houd u van heel fijne structuur of liever wat grover dat is aan u. Schenk de massa in van tevoren gesteriliseerde jampotjes of weckpotjes. Zet deze op de kop om zo de pot goed af te sluiten.

Erg lekker zo op brood, bij een kaas plankje, boterham met kaas en zelfs tussen de tosti’s.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)