Omnium fan 1 maart

Hjoed yn Omnium: kinne we ús iten noch wol fertrouwe, nei alle skandalen? We prate deroer yn de Reade Tried.

Yn de rige jout Bertus Kuperus foar de lêste kear dizze wike tips oer it einekoerbreidzjen.

Durk Overal is te gast. Hy is foarsitter fan Salonorkest Sinnema, it âldste salonorkest fan Nederlân. Snein 3 maart is der yn Tytsjerk in konsert om it 95-jierrige jubileum te fieren.

Presintaasje: Dieuwke Kroese. Omnium, fan 11 oant 12 oere.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)