Omnium fan 1 maaie

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Omnium:

Is Bert Looper te gast. Hy is direkteur fan Tresoar en makket him drok om it sosjalistysk erfguod yn Fryslân. Want dat fertutearzet. Looper wol graach in nij plak foar de ferneamde Troelstra-samling, in kolleksje objekten út it libben fan ús meast ferneamde sosjalist.

En wy sjogge fansels werom op it grutte nijs: de kroaning. Dat dogge wy mei in echt 'panel' fan saakkundigen.

Yn de Rige fan dizze wike ferhalen út de hongerwinter fan 1944-45. Doe waarden in protte bern út it westen fan it lân evakueard nei it Fryske plattelân. In pear fan harren fertelle fan 'e wike har ferhaal. Hjoed: Joke Teunissen.

Harkje dus nei Omnium, mei René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)