Omnium fan 1 july

Hy is wer begûn: de Tour de France. Neffens guon minsken it moaiste sportevenemint fan'e wrâld, neffens oaren it grutste bal masqué dat der bestiet. Wat betsjut de Tour foar jo? Sitte jo de kommende wiken wer plat foar de televyzje? Of is de lol troch alle skandalen d'r ôf? Jo kinne deroer meiprate yn de Reade Tried.

Us eigen muzykredaksje bringt ús wer op 'e hichte fan de nijste hits.

En de Rige fan dizze wike giet oer 150 jier spoar tusken Harns en Ljouwert.

Dat, en mear yn Omnium. Harkje dus! Tusken 11 en 12, mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)