Omnium fan 1 febrewaris

  • Spiler wurdt laden
  • Ulbe Boes nimt ôfskied fan it muzykbûn OMF

Hjoed yn Omnium: Ulbe Boes hat 40 jier yn it bestjoer fan it Fryske muzykbûn sitten. Hy seach it wrâldsje bot feroarjen: it tal drum- en showbands rint hurd efterút. De drumband lûkt de jongerein net mear, sa liket it wol. Spitich, fynt Boes, dy't sels in passy hat foar slachwurk, en jierrenlang ynstrukteur west hat.

En, reklame: yrritant, of leuk? Yn de Reade Tried prate wy mei kommunikaasjemanager Marja Bron. Sy kin fertelle werom't de iene reklame wol oansprekt, en de oare net.

Fierder, de lêste ôflevering yn de Rige fan dizze wike. We ha it oer Fryske ikoanen. Gjin Abe Lenstra of Piter Jelles Troelstra, mar nammen út in folle fierder ferline. Hjoed is de beurt oan Kening Fin.

Presintaasje: Dieuwke Kroese.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)