Omnium 9 septimber

Fierljepper Bart Helmholt wint alles wat er winne wol. Syn lêste hichtepunt wie yn augustus doe't er it nasjonaal klassemintsrekôr oernaam fan syn grutte konkurrint Jaco de Groot. As seisfâldich Frysk en Nederlânsk kampioen hat er noch ien grutte dream: foar de twadde kear de sulveren pols winne. Yn Omnium fertelt de Burgumer oer syn wurk by de plysje en oer syn gesin. Fierder siket er de grinzen op yn de diskusje yn de Reade Tried. Hy fynt dat de provinsje keatsers en fierljeppers finansjeel stypje moat.

Presintaasje Roelof Lousma, Omnium begjint om 11:00

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)