Omnium

  • Spiler wurdt laden

Sumba, wie dat net ien of oare dûnsfoarm út Súd-Amearika? Nee, it is in eilantsje dat by de Yndonesyske archipel heart. Clara Rullman hat dêr ferskate kearen west, om mei de bern dêr muzyk te meitsjen. It resultaat is in prachtige CD, dy't se no ferkeapet. De opbringst giet folslein nei de minsken op Sumba. Rullman fertelt oer har bysûnder projekt yn Omnium.

Paus Benedictus XVI leit ein febrewaris syn amt del. Watfoar paus hat de katolike tsjerke nedich as opfolger? Yn Omnium is âld-pastoor Jan Romkes van der Wal te gast.

En: Nyk de Vries fermakket ús wer mei syn alleraardichste, ULTRAkoarte ferhalen. Harkje dus!

Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)