Oare eagen fan 5 febrewaris 2015 16:50

Yn de earste ôflevering stiet it tema relaasjes sintraal. Hoe sjogge de ferskillende generaasjes nei relaasjes? Wie dat eartiids hiel oars as no? Trouwe, is dat bygelyks noch wol fan dizze tiid en kinne je echte leafde fine op it ynternet?

Stellingen yn dizze ôflevering:

- Echte leafde fynst net fia it ynternet
- Trouwe is net mear fan dizze tiid
- Nei in pear moannen al tegearre wenje is hiel normaal

Diel dit berjocht op:

Oare Eagen

Hoe ferskillend tinke jongerein en âlderein oer ûnderwerpen lykas relaasjes, polityk, foaroardielen of noarmen en wearden? Se geane deroer yn diskusje yn ‘Oare Eagen’. Dy nije searje fan Omrop Fryslân is makke troch studinten fan NHL Hogeschool. Oare Eagen gie freed 16 jannewaris yn premjêre yn stedsskouboarch De Harmonie.
(advertinsje)