Noordpoolorkest mei Iris Kroes fan 1 jannewaris 2013

  • Iris Kroes

It wie in turbulint jier foar ús Fryske sjongeres Iris Kroes. Se wûn it twadde seizoen fan The Voice of Holland, fersoarge optredens troch it hiele lân en makke har debútalbum First. Se waard ek nominearre foar ferskate prizen.

Op 20 desimber lit se yn De Lawei sjen wat se allegearre yn hûs hat. Se bringt in eigen teaterkonsert en wurdt hjirby begelaat troch it Noordpool Orkest. Dit lichte orkest bestiet út 42 profesjonele muzikanten en stiet ûnder leiding fan Reinout Douma. Iris wie jierrenlang in learling fan Reinout.

Under begelieding fan it Noordpool Orkest bringt Iris eigen nûmers en bewurkingen fan klassikers. Fierder ûntfangt se ek bysûndere gasten dy jûn. Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Raynaud Ritsma en Gerrie Dantuma (The Voice Seizoen 3) komme allegearre del. Se sjonge solo, mar ek duetten en mei syn allen bygelyks in krystmedly. Sjoch nijjiersdei nei Omrop Fryslân!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)