NODOE fan 9 july 2014 18:20

[Herhelling] Dit programma is earder útstjoerd yn 2013.

Yn dizze ôflevering nimt de famylje Van der Veen it op tsjin de famylje Pool. Hokker team bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale?

De famylje Van der Veen
De trije generaasjes Van der Veen binne berne op ferskate plakken yn Sûdeast Fryslân. Beppe Bettie komt fan Jobbegea en is dêrnei mei har man nei Aldeboarn ferhuze. Dêr is harren soan Romke berne dy’t op syn beurt wer ferfearn is nei De Lemmer dêr’t Hieke op ‘e wrâld kommen is. De Van der Veen’s binne sportyf. Beppe tennisset, Romke draaft, swimt en fytst en Hieke mei graach fuotbalje. Alle trije fiele har op en top Frysk. Se dogge mei oan NODOE om’t se hartstikke benijd binne hoe’t sa’n opnamedei ferrine sil.

De famylje Pool
Dizze famylje wennet yn syn gehiel yn Surhuzum. Pake Tseard hâldt him yn kondysje mei rinne, fytse en it ûnderhâld fan syn tún. Foar dochter Lutske binne de fakânsjes yn it bûtenlân datjinge dêr’t se mei plezier oan werom en nei foarútsjocht. Annet, de jongste fan dit trijetal, ferdielt har tiid tusken kuorbalje, hynsteride en sa as se dat sels neamt “toeterje”. Skiednis en it besykjen fan musea is net de grutste hobby fan dizze famylje. Mar sa as se sizze “wa wit, komt dêr nei de dielname oan NODOE wol feroaring yn.”

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)