NODOE fan 8 july 2014 18:20

[Herhelling] Dit programma is earder útstjoerd yn 2013.

Yn dizze ôflevering fan NODOE út Museum Dokkum wei. Yn dizze ôflevering nimt de famylje IJpma it op tsjin de famylje Haveman. Welk team bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale?

De famylje IJpma
Reinoud IJpma is in ferwoeden tromslagger, mar do kinst him ek bûten yn de natuer fine, as er mei syn maten in hutte oan it bouwen is. Reinoud, dy’t mei syn heit en mem yn Mantgum wennet, makke syn heit en pake entûsjast om mei te dwaan oan NODOE. Dat tromslaan sil er wol fan heit Sjoerd oerkrigen hawwe, want dy is paukenist by in fanfare-orkest. Mei it gesin besiket Sjoerd in pear kear yn ’t jier nei in museum ta te gean. Yn Fryslân is it Natuermuseum favoryt. Pake Lieuwe IJpma besiket fan de famylje it faakst in museum. Dat is fansels net frjemd as je frijwilliger binne by it Kazemattemuseum op Koarnwertersân. Syn ynteresse foar alles wat mei de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân te krijen hat, is dan ek net lestich te ferklearjen.

De famylje Haveman
Pake Henk Haveman is de oanstichter foar it meidwaan oan NODOE. Hy lêst in protte oer skiednis en fynt it nijsgjirrich om syn famyljestambeam fierder út te sykjen. It like him in moai aventoer om mei dochter Anne en pakesizzer Margje oan dizze famyljespulshow mei te dwaan. Yn syn frije tiid is hy aktyf foar flechtlingewurk en foar de Johan Cruijff Foundation, en fierder harket er graach nei muzyk. Dochter Anne hat it sjongen dêrom net fan in frjemd. Mar yn har frije tiid kuieret se ek graach en de Slachtemaraton wie dêr in goede motivaasje foar. Mar se kin ek o sa genietsje fan noflik winkeljen en gesellich in terraske pakke. Margje is de jongste fan it trijetal. Sy is hiel sportyf en gek op tennis en skyen. De wintersport mei famylje is oan har dan ek goed bestege. Mei skiednis hat se (noch) net safolle, mar it soe wolris wêze kinne dat dêr nei dit programma feroaring yn komt.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op 'e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)