NODOE fan 19 oktober 2013

  • Dielnimmers earste ôfl.

De earste ôflevering fan NODOE komt út it Skipfeartmuseum út Snits wei. Yn dizze ôflevering nimt de famylje Gerritsma it op tsjin de famylje Akkerman. Welk tiim bliuwt it langste oerein en wint de earste ôflevering fan NODOE?

Sintraal stiet dizze kear 'Skippers en keaplju'. Dat begûn tsjin 450. Doe hiene de Romeinen har weromlutsen achter de Alpen. Dêrmei rekken de lânwegen, dy’t benammen foar en troch it Romeinske leger yn stân holden wiene, yn ferfal. Allinne oer it wetter koene no noch langere (hannels)reizen makke wurde. De Friezen út it wetterrike terpelân sprongen yn dat gat en fearen mei har skipkes oer de Noard- en de Eastsee en ek de Ryn op om hannel te driuwen. Sa koe de bloeitiid fan de Fryske hannel begjinne...

NODOE de famylje spulshow te sjen om 17.00 oere dêrnei alle oeren nei Hjoed.

Sjoggersfraach: It antwurd op de fraach is: Mare Frisicum en de 'goodiebag' is wûn troch Hans Rijfkogel út Hoorn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)