NODOE fan 16 july 2014 18:20

[Herhelling] Dit programma is earder útstjoerd yn 2013.

Hoe hâlde wy mei help fan wetter droege fuotten?

Yn it Woudagemaal belibbet elkenien de sfear fan eartiids en de mooglikheden fan no. Mei help fan ymposante stoommasjines moatte de kandidaten soargje foar droege fuotten. Krije sy it oerstallige wetter út de Fryske boezem op tiid nei de Iselmar?

Fryslân hat altyd striid tsjin it wetter fiere moatten. Altyd wer drigen der oerstreamings. Mei help fan de ûntwikkelings tidens de yndustrialisaasje waard dy striid in stik makliker. Fryslân wie fersekere fan droege fuotten, mar ûntwikkele him ek op oare mêden. Sa kaam ien fan de earste echt grutte bedriuwen yn Fryslân nei Drachten. De komst fan it skearapparatefabryk Philips hat ôfgryslik belangryk west foar it easten fan de provinsje. Hûnderten minsken út de Wâlden koenen hjir oan it wurk. Dat luts wer oare minsken en bedriuwen oan, en sa ûntwikkele dizze streek him yn koarte tiid fan in achterbleaun gebiet ta ien fan de sterkste ekonomyske motors fan ús provinsje.

Yn dizze ôflevering striid famylje Pool tsjin de famylje Buma. Wa giet troch nei de heale finale?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)