NODOE fan 14 july 2014 18:20

[Herhelling] Dit programma is earder útstjoerd yn 2013.

Dizze ôflevering fan NODOE komt út it hagelnije Fries Museum yn Ljouwert wei.

It Fries Museum giet oer Fryslân en de Friezen. Oer de alve stêden en it plattelân, de haat-leafde ferhâlding mei it wetter, de syktocht nei it typysk Fryske en it plak fan Fryslân yn de wrâld. Mar ek oer de ûnderlizzende wearden, autentisiteit en eigensinnigens.
Fryslân is it lân fan terpen. Foaral op de klaai yn it noarden fan de provinsje binne se in soad te sjen. Yn totaal binne der yn it Fryske gebiet by de Noardseekust lâns sa’n tûzen lytse en grutte terpen te finen. De earsten waarden oanlein om 600 foar Kristus hinne en se ha oant likernôch it jier 1000 fertuten dien. Dêrnei waarden seediken oanlein en hienen de terpen gjin feitlike funksje mear. Opgravings yn terpen litte sjen dat der op de terpen net allinnich hurdwurkjende boeren libben, mar dat der ek rykdom wie.

De famylje Beets
Renske Beets hat ferskillende hobbys, wichtich binne de Fryske hynders. Kuorbal is har favorite sport. Dan is se ek noch aktyf by de majorettes. Fierder mei se graach foto’s meitsje. Se docht mei oan it programma mei heit en pake. Yn musea komt se net sa faak mar se fynt it wol nijsgjirrich om wat oer de eigen skiednis te hearren. Heit Jan is ek net in museumgonge,r mar hat wol wat mei Fryske skiednis. Hy mei graach muzyk draaie op feestjes en partijen, dêrnjonken is de fotografy syn grutte hobby. Pake is de man fan de Fryske hynders, hy is aktyf as menner, docht mei oan it ringstekken en kin ek trouride. Renske like it prachtich om mei te dwaan en no is it safier.

De famylje Buma
Jorn docht mei oan Nodoe mei syn tante en syn pake. Jorn is sljocht op syn kompjûter. Dêr kinne jo fan alles op fine en fansels spultsjes dwaan. Syn sport is it fuotbaljen, traine en dan sneons in wedstriid. Yn in museum komt hy net faak en mei de skiednis hat er ek net safolle. Tante Welmoed is tige sportyf, se mei graach hurddrave en follybalje. Har oare grutte hobby is sjonge, dat docht se by Voaal Ensemble Eljakom út Boalsert. Fryske skiednis hat har ynteresse, jo wolle witte wat der yn it heitelân bart. Pake is ek tige sportyf, rinne, drave, fytse, en reedride. Meidwaan, jawis, soks wolle jo wolris meimeitsje, en dan besykje om te winnen fansels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)