Noardewyn live fan 4 oktober 2013

Yn Noardewyn Live in unyk dûbelkonsert. Fryslâns populêrste bands, Strawelte en De Hûnekop komme mei mar ien missy nei de Noardewyn-studio: Knalle en dan net allinnich muzikaal mar ek mei fjoerwurk en pealakrobatyk. Dit dûbel optreden is in repetysje foar harren megashow dy’t beide bands jouwe yn it WTC Ljouwert op sneon 12 oktober. Under de nûmer fan it Hûnekop Festival sille dan beide bands hjirmei harren gemienskiplik toernee mei ôfslute.

Noardewyn Live freed 4 oktober fan 14.00 oant 16.00 oere op radio en televyzje en ynternet.
Sneon 5 oktober fan 18.30 oere ôf alle oeren op televyzje in kompilaasje fan dit optreden te sjen.

Diel dit berjocht op:

Noardewyn live kompilaasje

Alle freedtemiddeis it muzikale doarpsplein fan Fryslân. Live muzyk yntegraal op radio, telefyzje en ynternet. Sneontejûns is in kompilaasje fan dit programma te sjen. Noardewyn Live: net te missen, net te hâlden!
    Radio iconUtstjoering: Sneontejûns fan 18.50 oere ôf
(advertinsje)