Noardewyn live fan 24 april 2015 13:00

Hjoed yn Noardewyn Live omtinken foar de foarstelling 100 jier Tetman. Rients Gratama en Leny Dijkstra trede op en fertelle oer it ferhaal achter dizze foarstelling.

Ek in optreden fan shantykoor De Stuyvesant Sailors út Wolvegea.

Singer-songwriters Gurbe Douwstra, Sytse Haima, Specs Hildebrand en Mirco komme nei de studio, om't se ynkoarten allegear in nij plaatwurk útbringe.

En wy ha twa bands yn de studio: Zuver Scheerwol út Grinslân en Adio Adam mei Fryske roots.

Noardewyn Live is der alle freeds fan 13.00 oere oant 16.00 oere op tv, radio en ynternet!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)