Noardewyn live fan 20 septimber 2013

Freed yn Noardewyn live sil wer in grut oantal bands en muzikanten “acte de precence” jaan. Ien fan de meast talintfolle bands út Fryslân op dit stuit is Sklero. In achtkoppige band dy't bysûnder sfearfolle muzyk makket. Rapalje is ynternasjonaal bekend by Celtic Folk muzyk leafhawwers, se steane op it punt om in lange tour troch Dútslân te dwaan, mar dogge earst de Noardewyn studio oan. Hillbrandt Mill is in Frysk duo dat him omskriuwe lit as Havenfolk mei synthesizers. Imca Marina komt ek noch, en de band The Cool Quest komt harren EP bringen. Lucia Wisse is harpiste, ek sy sil optreden tusken 13.00 en 16.00 yn Noardewyn Live.

Diel dit berjocht op:

Noardewyn live kompilaasje

Alle freedtemiddeis it muzikale doarpsplein fan Fryslân. Live muzyk yntegraal op radio, telefyzje en ynternet. Sneontejûns is in kompilaasje fan dit programma te sjen. Noardewyn Live: net te missen, net te hâlden!
    Radio iconUtstjoering: Sneontejûns fan 18.40 oere ôf
(advertinsje)