Noardewyn fan 4 Oktober 2013

Yn Noardewyn Live in unik dûbelkonsert. Fryslâns populêrste bands, Strawelte en De Hûnekop komme mei mar ien missie nei de Noardewyn studio. Knalle en dan net allinnich muzikaal mar ek mei fjoerwurk en pealakrobatyk. Dit dûbel optreden is in repetysje foar harren megashow dy’t beide bands jouwe yn it WTC Ljouwert op sneon 12 oktober. Under de nûmer fan it Hûnekop Festival sille dan beide bands hjirmei harren gemienskiplik toernee mei ôfslute.

Noardewyn Live freed 4 oktober fan 14.00 oant 16.00 oere op radio en televyzje en ynternet.
Sneon 5 oktober fan 18.30 oere ôf alle oeren op televyzje in kompilaasje fan dit optreden te sjen.

Diel dit berjocht op:
Noardewyn-presintator Willem de Vries

Noardewyn

Noardewyn is in flot en fleurich muzykprogramma op de middei. Eltse freed fan 13.00 oant 16.00 oere nimt Willem de Vries jo mei yn in reis lâns Fryske, Nederlânske en ynternasjonale muzyk. Eltse freed is der romte foar liveoptredens fan artysten en bands yn de grutte Noardewyn studio. It programma wurdt presintearre troch Willem de Vries. Noardewyn wurd utstjoerd op radio, televyzje en ynternet
(advertinsje)