No yn Fryslân fan 30 oktober 2015 12:00

  • Spiler wurdt laden

Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

Koen van Dijk, begelieder fan de dielnimmers oan it Nationaal Jeugddebat Fryslân

Fryske jongeren litte fan 'e middei fan harren hearre op it Nationaal Jeugddebat Fryslân. Sa'n 40 bern út de provinsje sille mei ferskate steateleden yn petear. Doel is om de bern yn 'e kunde komme te litten mei provinsjale polityk. De jongeren tusken de 12 en 18 jier hawwe harren sels opjûn en komme út ûnder oaren Harns, Ljouwert, Arum en Easterbierrum.
De ûnderwerpen dêr't oer praat wurde sil, binne duorsumens, Kulturele Haadstêd 2018, natuer en iepenbier ferfier. Dizze ûnderwerpen mochten sy sels betinke. De jongeren dy't fan 'e middei it bêste debattearje, meie ek meidwaan oan it Nationaal Jeugddebat yn Den Haach yn april 2016. It Jeugddebat Fryslân wurdt organisearre troch de provinsje Fryslân en de Nationale Jeugdraad.

12:15 - Bruno Mars - The Lazy Song
12:42 - Sebeare - Lit Us Gean
12:49 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)