No yn Fryslân fan 10 oktober 2015 12:00

* Ekstra opfang fan flechtlingen yn Drachten. By it hjoeddeistige AZC komt in nije opfanglokaasje foar 200 minsken
* De Gouden Leppelbek wurdt útrikt oan ien dy't him ynset hat foar de beskerming fan fûgels
* En Jeugdhulp siket mear pleechgesinnen yn Fryslân

* Skiermûntseach rekket in skoft syn markante walfiskkaken kwyt
* Nij Beets hâldt nei jierren wer in wynhûnerace

Ferslachjouwer Bauke Deelstra op de platebeurs yn it WTC Expo

Muzyk op Vinyl. Dat is foar de echte leafhawwer sizze se wolris. Vinyl, foar de minsken dy't net mear witte wat it is: gewoane âlde grammofoonplaten. En krekt dy âlde platen binne wer yn opmars. Reden om dit wykein yn it WTC Expo yn Ljouwert in grutte platebeurs te organisearjen. Us ferslachjouwer Bauke Deelstra wie derby...

12:15 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
12:44 - Twarres - Ruzjend Yn E Wyn

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)